Toanielferiening ‘Mei elkoar ien’ fan Moarre spilet op freed 8 en sneon 9 febrewaris in klucht fan Haye van der Heyden “de flet fan Jet”. De generale al op tiisdei 5 febrewaris spile, hjir komme altyd de ouderen fan Moarre te sjen. Sy hawwe dan in noflik jûntsje toaniel yn in besletten groepke, mei in hapke en in drankje nei ôfrin.
Koarte omskriuwing fan it stik is dat Jet (Joke-Ellen Botma) in fletsje hat yn de stêd dêr’t se har frijer Karel (Jan de Jong) ûntfangt. Mar se wol fan him ôf. En dan hoecht se de flet eins ek net oan te hâlden. Karel, dy’t ek trouwd is (dat wit Jet net, want se is nochal jaloersk) lient de flet wol ris út oan syn soan Andre ( Johan Oudshoorn), dy’t der wol ris mei in freondintsje komt. Mar dan nimt ien fan dy freondintsjes, Natas (Saskia Holman), dy’t wenromte siket, Veertje (Elize Heeringa), de dochter fan Jet, mei, want dy siket ek wenromte. En dan giet it fout.Jet mei net witte dat….en Karel mei net witte dat….en Veertje mei hielendal net witte dat….En dan komt Jules (Bert Alma), de man fan Jet, ek noch ris del, en dy mei alhielendal neat witte !!!!!
Koartom in stik mei troubrekken en ferbeane leafdes, in echte klucht dus. Oankommend wykein wurde twa jûnen spyle: yn Doarpshûs de Stikel yn Moarre en 16 febrewaris spylje se yn it Doarpshûs yn Raard.
Tekst: Anneke Alma / Foto’s: Everdina Boersma