VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
  Jantsje Wiersma

VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier

dinsdag 07 juli 2020

FERWERT – Tiisdei is Ytsje de Haan-Greidanus 100 jier wurden. De bern hiene foar har jierdei in draaioargel regele en dêr hat se fan genoaten, wie dúdlik te sjen. By har efter yn de tún koe se moai sitte by it oargel.

Ytsje is op 7 july 1920 berne yn Ljussens. Yn in húshâlding fan fiif bern wie sy de middelste, har heit wie tsiismakker yn it fabryk. Op jonge leeftyd moast sy al oan it wurk by de skoalmaster en letter by de bakker. It wie yn dy tiid, dat sy har man troffen hat. Nei har houlik mei Alle de Haan yn 1948 binne sy yn Hegebeintum bedarre. Dêr hawwe sy wenne oant 1954 ta.

Doe binne sy nei Ferwert hinne tein en sy krigen sels ek fiif bern. Letter binne der noch njoggen bernsbern en tolve oerbeppesizzers by kaam. Yn 1997 foel har man by har en de bern wei. Sûnt dat momint hat frou de Haan har altyd allinnich rêde kind. Sy wie altyd goed sûn en klage nea, mar no’t sy 100 jier wurden is, wurdt it allegear wat lêstiger. Mar mei de Buertsoarch en help fan de bern slagget it har noch aardich. En sa’t sy altyd sei: “It giet sa’t it giet en ik lit it mar oer my hinne komme”. Se freget harsels wolris ôf, hoe of it kin dat se sa âld is en nea siik west hat. De bern hoopje, dat se noch in skoft fan har genietsje meie.

Frou de Haan mocht altyd graach puzzelje en scrabbleje en krantlêze. Dit slagge har oant op hege leeftyd, mar no’t se it net sa goed mear sjen kin, is dat wat minder wurden. Mar se hat in bulte oanrin fan bern en bernsbern, dus ferfele docht se har net.

Doe’t der ien fan de oanwêzigen har noch in moaie dei tawinske sei se: “Dizze dei kin net mear stikken”!

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
VIDEO: Ytsje de Haan út Ferwert 100 jier · Foto('s): Jantsje Wiersma
  Jantsje Wiersma

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?