YNSTJOERD: Yn in doarp heare wenten, gjin sinneparken! · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

YNSTJOERD: Yn in doarp heare wenten, gjin sinneparken!

maandag 21 december 2020

SWEAGERBOSK – Der is rebûlje yn it doarp de Trieme. In sinne-enerzjy ûndernimmer wol dêr op 3 perselen in sinnepark realisearje mei yn totaal 7000 panielen! De plannen binnen al yn in fier foardere stadium en troch in grouwélige fout fan de gemeente is in fergunning al by rjochtswegen ferlient.

“Lis sinnepanielen mar op ‘t dak, mar net midden yn in sintrum fan in lyts doarp” seit fraksjefoarsitter Bert Koonstra fan FNP Noardeast- Fryslân. It moat net sa wêze dat jild en subsydzjes allinnich de liedende driuwfearren binne, der moat ek mienskiplik draachflak wêze. Dat liket der no net te wêzen. Koonstra hat in konstruktyf petear hân mei sawol de ûndernimmer as mei de foarsitter fan doarpsbelang de Trieme, om de kwestje objektyf te besjen.

Lex silencio positivo
De fraksje FNP fynt it benammen kwealik dat de fergunning by fersin en troch neat te dwaan, yn juridyske fakjargon “lex silencio positivo”, troch de gemeente ferlient is. Neffens Koonstra is dit net de earste kear! “Nei de fergunningproseduere fan Aldi Dokkum en de biofergister Marrum is dit binnen in lyts skoft tiid al it tredde grutte debâkle”.Nettsjinsteande hurde tasizzingen fan it kolleezje foar ferbetteringen en it ynsetten fan in “saak folchsysteem”, sit wy no dus wer mei de sprekwurdlike bakte parren.

Radiopetear wethâlder
Nei oanlieding fan it radiopetear (RTV NOF, tongersdei 17 desimber jl) fan wethâlder Hanemeijer, fynt de FNP dat it kolleezje harsels wol in hiele maklike hâlding oanmjit. Hanemeijer soe it foaral bysûnder pynlik fûn ha as de gemeente Noardeast-Fryslân dit plan net ha woe. Hja beweart lykwols dat it tsjinoerstelde wier is en dat it altyd de bedoeling west hat om te fergunnen. Neffens de FNP in nuvere gong fan saken, regels binne regels en dêr moatte sawol de boarger, bedriuwen mar ek de gemeente har oan hâlde. Ynwenners meie ommers fan in gemeente in suvere, sekuere en betroubere wurkwize ferwachtsje.

Troch de aktualiteit fan de stikelige kwestje yn de Trieme, de tasizzings fan it kolleezje út it ferline en it radiopetear fan de wethâlder tsjinnet de FNP in oantal proses relatearre fragen yn by it kolleezje.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?