TWIZEL – Tongersdei 3 maart tsjinnet de FNP Achtkarspelen in moasje frjemd oan de oarder fan de dei yn by de riedsfergadering. De Partij fynt dat je dwaan moatte wat yn je mooglikheden leit en net fuortsjen kinne en meie.
De bylden fan juster geane je troch de syl. Wrâldpolityk en de gekte fan ien man meitje de gewoane boarger wer it slachtoffer
De partij ropt de gemeente Achtkarspelen op by in helpfraach om humanitêre hulp as de opfang fan Oekraïnske flechtelingen hjir as gemeente Achtkarspelen romhertich mei om te gean.
Ferskate oare FNP ôfdielings sille dizze moasje yn harren gemeentes yntsjinje.
De yntsjinner Tjibbe Brinkman sei it sa: “In diktator kinne we as gemeente net feroarje mar wy kinne wol help jaan oan de flechtelingen”.
Wy hoopje dat hiel Fryslân en Nederlân ús foarbyld folget.