YNSTJOERD: Feilige Haadwei yn Damwâld · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

YNSTJOERD: Feilige Haadwei yn Damwâld

maandag 07 februari 2022

DAMWALD – It hat bliken dien dat it “dielde romte”- prinsipe yn Damwâld net wurket. Der komt fiersten tefolle snelferkear oer de Haadwei, boargers doarre har net op de Haadwei te bewegen op in hiel inkelde útsûndering nei. Der wurdt te hurd riden en it oerstekken fynt de trochsnee boarger te gefaarlik. Boppedat is it op de 3 grutte krusings in gaos, foaral yn de spitstiden. De 12 buorden mei dêrop “verkeer van rechts heeft voorrang” ha it probleem net lytser makke: dat wie no krekt it probleem wêrtroch de krusings fol rûnen! As alles fêst driget te kommen sykje in soad sjauffeurs ûntsnappings mooglikheden troch binnentroch te riden en om alles hinne wêrtroch net ien mear wit hoe’t it no moat en de gaos kompleet is. Dei yn dei út.

De oplossings lizze foar de hân en hoege gjin tonnen te kostjen:

1e. It “shared space prinsipe” der ôf helje en snelferkear en stadichferkear skieden hâlde sa as oeral.
2e. Trije mikro-rontondes oanlizze en yn de midden rontonde-oanwizingsbuordsjes pleatse.
3e. Oan wearskanten fan de trije rontondes yn de Haadwei fuotgongers-oerstekplakken meitsje mei zebra-strepen. (de besteande swart/wyt-klinkers hoege allinne mar yn in oar patroan te lizzen.)

De measte problemen sille dan oplost wêze. Men kin noch safolle oare skyn-oplossings oanbringe, mar as it dielde-romte-prinsipe fêsthalden wurdt sil der gjin oplossing komme nei myn betinkst. Wat is no de wearde fan in “shared space wei” mei tsientallen ferkearsbuorden en drompels ensfh.?

Tseard Rintjema
(In boarger dy’t dageliks inkelde kearen oer de krusings komt.)

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?