Wynser Courant winner Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel · Foto('s): Gemeente Tytsjerksteradiel
  Gemeente Tytsjerksteradiel

Wynser Courant winner Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel

maandag 23 mei 2022

WYNS – De Wynser Courant is mei it artikel ‘Weissensee’ winner fan de priis foar bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel. Der is in priis fan 500 euro beskikber steld om it brûken fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. Op 23 maaie hat wethâlder Andries Bouwman de priis útrikt yn ytkafee De Winze yn Wyns.

“Jimme leden fan de redaksje binne ambassadeurs fan de Fryske taal en in foarbyld foar oare redaksjes fan doarpskranten en websiden yn ús gemeente,” prize wethâlder Andries Bouwman de winners. Mei dizze priis jout de gemeente útfiering oan har Frysk taalbelied, it stimulearjen en oanmoedigjen fan it brûken fan de Fryske taal.

Goed nivo fan it Frysk

In saakkundige sjuery besteande út Douwkje Douma fan de Afûk en Gerrit van der Meer fan Actief Media hat út alle ynstjoerings it artikel oer ‘Weissensee’ fan de redaksje fan de Wynser Courant útkeazen. It wie in ynhâldlik goed stik, it lies flot en mei in soad nocht, it nivo fan it Frysk wie goed en it wie in stik fan in behoarlike omfang.

Tsien reaksjes

De gemeente hat begjin dit jier foar de twadde kear in oprop dien foar de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn Tytsjerksteradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. De oprop hat tsien reaksjes opsmiten. De redaksjes fan media út de doarpen Aldtsjerk, Eastermar, Garyp, Jistrum, Mûnein en Readtsjerk, Ryptsjerk en Wyns hawwe in ferskaat oan Frysktalige artikels ynstjoerd. It wienen bygelyks artikels oer it skûtsjesilen, poddestuollen, krystfeest en sudoku.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on Air!
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?