Wy kinne ús swimbad net misse!

zondag 10 juli 2011

B&W fan Dantumadiel sille de gemeenteried útstelle it swimbad “de Frosk” yn de Westereen op sa koart mooglike termyn te sluten. Wethâlder Bos dielde dit op moandei 4 july mei. De gemeenteried beslist hjir op 19 july oer.

B&W stelt dat der gjin serieuze gegadigden binne om de eksploitaasje fan it bad fuort te setten. Dy binne der wol, ferskate partijen hawwe in heal jier ferlyn op basis fan in gemeentlik bestek in offerte útbrocht. Yn de tarieding fan de begrutting foar 2012 en letter kiest de gemeente der no lykwols foar om de heule post “swimbad” te skrassen. Dat soe neffens wethâlder Bos in besparring opleverje fan in heal miljoen op jierbasis. Dat bedrach is basearre op eksploitaasje troch de gemeente sels. Oare partijen kinne aardich guodkeaper, mar it sil altyd mienskipsjild kostje om “de Frosk” iepen te hâlden en de grutte sosjale funksje oerein te hâlden.

Hûnderten ferskillende minsken meitsje alle wiken wer gebrûk fan it swimbad. “De Frosk” hat in grutte betsjutting foar de folkssûnens. Der binne swimlessen foar jong en âld, it bad hat in sportive funksje (mei in aktive swimferiening), der is skoalswimmen en fansels binne der rekreaasjemooglikheden. Ûnder de befolking, net allinne in de Westereen mar ek yn tal fan oare doarpen yn Dantumadiel en omjouwing, is der in protte ûnbegryp foar de opstelling fan B&W. In spontaan ûntstien aksjekomitee, mei inkelde fêste swimmers en aktive leden fan de swimferiening, wol de gemeenteried derfan oertsjûgje dat dy net ynstimme moat mei it B&W útstel. Foar de aksje is breed draachflak. De Frosk moat iepen bliuwe en syn sosjale en sportive funksje hâlde.

Út earste kontakten mei riedsleden blykt dat de beslútfoarming spannend wurde sil. In protte riedsleden hawwe grutte muoite mei de foarstelde sluting. Der is in brief stjoerd nei alle riedsleden (taheakke). Op 19 july sit it gemeentehûs yn Damwâld grôtfol. Brûkers fan it bad yn alle leeftiden en yn ludike klean sille mei hûnderten de gearkomst bywenje. Fan de Westereen ride op dy jûn spesjale bussen om de minsken te ferfieren. Rûnom wurde minsken oproppen om te kommen, mei affysjes, flyers en fia de sosjale media.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?