FNP Dantumadiel hat in wurkbesite brocht oan Sanjesfertier bij Feanwâlden. Wimer Visbeek, eigner fan it buortersparadys en bistetún, fertelde hoe’t jo as ûndernimmer hieltiden wer ynspylje moatte op nije situaasjes en kânsen. Jo moatte hieltiden wat nijs biede kinne en dêrom hat er krekt ferlyn it buortersdiel binnendoar hielendal feroare. De bern kinne fan alles ûntdekke en belibje. Bûtendoar is ek fan alles te dwaan sa as in ferkearspark, boatsjes, in trein en de monorail. Mar de klant kin noch mear belibje. Yn de oare hal komst bij it bistepark. Do kinst ticht bij de bisten komme. En bûtendoar binne fan allerhande eksotyske bisten lykas strúsfûgels, kamelen, emoes esfh.
Visbeek biedt ek “dagbesteding” en allinne dêrfoar binne it jier rûn al fiif begelieders yn tsjinst. Fierder kinne der in hiel soad stazjêres hjir teplak en yn’t wykein en fakansjes binne der baantsjes foar de jongerein út de regio. It bedriuw hie ferline jier hast 40.000 besikers en kinst sjen dat wij wer út de krisis komme. Troch de Sintrale As is Sanjesfertier ek folle better berikber wurden. De bushalte is wol ferfallen en just foar kwetsbere groepen lykas de klanten fan de deibesteging en stazjêres is dat wol spitich. Miskien is der in noch te realiseerjen karpoelplak mooglik. Ek it fytspaad snijdt no dwers troch de ûndernimming hinne. Dat soe better kinne en Visbeek wol hjir graach ôfspraken oer meitsje mei de gemeente. En goed ynternet is foar syn bedriuw hiel wichtich, oansluting op glêsfezek is noch in grutte winsk. Fierder falt it de FNP delegaasje op dat it Frysk eigene oerol werom te finen is op ferwiisbuordsjes en ek wappert de Fryske flagge foar de doar. Dat smyt yn it generaal hiel positieve reaksjes op sa beslút Visbeek.