DE WESTEREEN – De gemeente Dantumadiel is yn 2023 út ein set mei in projekt om it Frysk skriuwen ûnder skoalbern yn de gemeente te ferbetterjen. Op 4 skoallen yn de groepen 7 en 8, binne lessen jûn oer it fertellen en skriuwen fan Fryske ferhalen. De skoallen dy’t meidien ha binne CBS De Boustien en IBS It Pompeblêd beide yn De Westereen, de Th. De Vriesskoalle yn Feanwâlden en de Dr. J. Botkeskoalle yn Damwâld.
“Foar in soad bern yn Dantumadiel is it Frysk harren memmetaal. Der wurdt in soad Frysk praat. It skriuwen bliuwt wat efter. Ik hoopje dat dizze lessen der oan bydroegen ha dat bern it Frysk ek mear skriuwe sille”, sa seit wethâlder Rommy Kempenaar.
Groep 8 fan IBS It Pompeblêd yn De Westereen giet nei it Frysk museum. De lessen binne fuortdaliks nei de hjerstfakânsje útsein set. As ôfsluting is skriuwster Lida Dijkstra byde skoallen del west om te fertellen oer hoe’t ferhalen skreaun wurde. Wethalder Rommy Kempenaar wie 21 maart op basisskoalle It Pompeblêd yn De Westereen om de winners fan de priis bekend te meitsjen. Dit binne de groepen 7 en 8 fan IBS It Pompeblêd, hja geane nei it Fries Museum ta.