Tongersdei waard troch toanielferiening it Hantumer Ploechje it stik ‘Wot binnen wy moai fuort’ opfierd yn de feesttinte op it doarpsfeest fan Ternaard. It stik fan dit jier spile him ôf yn de jungle fan Afrika. Under begelieding fan in gids neamt Fred (spile troch Botte Hijma), moast it selskip sjen te oerlibjen yn de tropen. Dit markante selskip bestie út sân personaazjes. Henk en Annie, in bytsje in ‘aso-famylje’ (spile troch Owe Dijkstra en Karen Hogenhorst). Sy hawwe in grutte jildpriis wûn en koene derom sa’n eksklusive reis betelje. Mei in kiste bier en harren ûnfersoarge uterlik komme sy net al te snoad oer.
Emma Steensma, in puberfanke fan it type punk dy’t har nea earne wat fan oanlûkt en skyt oan de hiele wrâld hat. Sy is troch har rike âlden op dizze reis stjoerd yn’e hoop dat se dêrnei wat fan har libben meitsje sil. Dizze rol waard skitterend delsetten troch Nynke Lawerman. Mei har felkleurde kapsel fan hast in heale meter heech en in bek as in skjirre wie se mei klam oanwêzich yn de oars sa rêstige jungle. Henry en Luciel Hasenbein makken it selskip kompleet. Hja hiene eins gjin benul fan wat foar reis as sy boekt hiene. De dominante Luciel fynt it mar neat yn de jungle en falt wol op mei har pumps en mantelpakje. Letter docht bliken dat Henry syn frou hjir eins wol slite wol oan in bosjesman om’t hy skjin syn nocht hat fan it kommandearjende toantsje fan syn frou. Dizze beide rollen waarden ek prachtich delsetten troch Mient Hof en Anneke Meinema.
It poadium wie mei slingers en lianen omtsjoend ta in wiere jungle. Mei de lûden fan apen en trommeljende boskjesmannen op de eftergrûn waard it selskip pleage troch ynsekten en bloedsûgers. Dit soarge foar ferskate yrritaasjes tusken it meastal wrokjende selskip. Gids Fred is der glêd mei oan en ferlit it selskip troch krekt te dwaan as hy opfretten wurdt troch de liuwen. Letter komt dizze gids werom as boskjesman Kwagga en jaget harren de skrik op de lea. Dizze (dûbel)rol wie op it liif skreaun fan Botte Hijma. Mei in echte spear en in reiden rokje koenen jo him net werom. As it selskip úteinlik sûnder harren gids wit te oerlibjen fynt Kwagga dat it tiid wurdt om wer op hûs oan te gean. Ternaard kin mei dit stik werom sjen op in hiel slagge jûn. Nei ofrin wie der muzyk fan Chris Veenstra en tiid foar een praatsje en drankje.