Burgemeester Waanders van de gemeente Dongeradeel is woensdag in gesprek geweest met een delegatie jeugd in Noordoost-Fryslân. Zij vreesden enkele weken geleden (na de Admiraliteitsdagen) voor de toekomst van optochten met feestwagens. In een open brief deelden ze hun zorgen over de regels. Via Facebook laat de jeugd nu onderstaande weten:
ÔFSKAFFE OPTOCHTEN TE KOART TROCH DE BOCHT
Hjoed ha wy dan it lang ferwachte petear mei de boargemaster Waanders hân. In petear om fan nei hûs te skriuwen, konstruktyf en posityf. Dùdlik wie al gau dat de boargemaster har goed yn de jeugd fine kin: tradysjes binne saken fan it gefoel, dêr kin gjin kâld belied oerhinne gean, dêr moat men mei soarch mei omgien en wêr mooglik maatwurk leverje. Lykwols is it ek dùdlik dat in nije gemeente en in nije boargemaster soarget foar in nije situaasje. Trije gemeenten fùseare, ek gemeenten wêr’t optochten yn de measte doarpen net in gewoante binne.
Út begrypbere feilicheidsoerwegings wol men net dat it oantal optochten tanimme sil, dêr moat wy as doarpen elkoar ek yn erkenne en earlik oer wêze. Wêr’t it tradysje is en altyd west hat moat dat koestere wurde en wêr’t dat net it gefal is hat men fêst oare ferdivedaasje dy’t foar har wichtich is. It ferbieden fan de jeugdoptochten fynt Waanders sels te koart troch de bocht. “Wy wolle gjin wjerstân oproppe mar meitinke mei jim, de kommunikaasje nei jim ta hat faaks wat te negatyf west, dat hat nea de bedoeling west.” Mar ús boargemaster is ansen fuort, oare minsken komme dêrfoar yn it plak, oare minsken krije it foar it sizzen. Lykwols belooft Waanders yn har oerdracht de klam te lizzen op it feit dat it fan it ien op it oare jier ferbieden fan de optochten neffens har net winskelik is.
Dat doarpen dy’t takom jier al doarpsfeest ha en faaks al begûn bin mei tariedings yn elts gefal de mooglikheid ha moat harren feest troch te setten, mei optocht en al, en dat it petear takom jier sa betiid mooglik heech op ‘e aginda stean moat. Jeugd en fertsjinwurdigers fan doarpen moat prate mei it nije bestjoer en moat elkoar fine yn maatwurk. Wichtich is dêrby wol dat doarpen har oan de stelde regels hâlde sille en in foarbyld wêze moatte foar de oare doarpen, wêrby de jongerein sels ek ferantwurdlik is foar in goed ferrin fan de optocht. Ek wurdt beklamme dat dit yn de measte gefallen al geweldich giet!
Dêrneist wol ik graach yn gesprek mei de doarpen om it ferfolchpetear ta te rieden en te hearen wat der leeft. Graach kom ik ris by jim op ‘e fergadering, yn ‘e keet as by ien thús, ûnder it genot fan in swart bakje of in kâld pilske! In definitiyf antwurd op de optochtfraach sil dus sa gau mooglik folgje mar de takomst liket goed! Der is hoop! Wy heare fan elkoar!
Nammens de jeugd út de doarpen,
Aant Jelle Soepboer