DOKKUM – Hout is het allerbelangrijkste materiaal voor hout-skelet-bouwer BKS Elementen uit Dokkum. De houtprijs is de afgelopen tijd enorm gestegen en dat zorgt ervoor dat er in de gehele markt wordt overgegaan op dagprijzen. “Dat hâldt yn dat wy hjoed as referinsjepunt nimme op de offerte, at yts dan yn produksje giet sjogge we wer nei de priis. Is dy dan omheech gien, dan moat der fanút de ôfnimmer jild by, mar at dy sakke is jouwe wy jild werom”, vertelt eigenaar Martin Sinia.
Voor Sinia is de afgelopen tijd ook veel schakelen geweest. Ondanks de roerige markt, heeft de ondernemer er wel voor gekozen om uit te breiden. Dat brengt hem eigenlijk in een vreemde spagaat. “It earste heal jier falt it wol mei kwa ûnwissens, dan moatte wy antisipearjen bliuwe. Mar at je sjogge nei it fjirde kwartaal fan dit jier en it nije jier, sa fier moatte wy ek foarútsjen kinne wer, dan wurdt it wol lestich. Wy witte úteinliks net hoe it komt.”
Hoe anders was dat tot voor december 2020. Sinia heugt zich het nog goed. “De prizen binne eins de lêste fiif oant fiiftjin jier wol aardich stabyl bleaun, mei sa no en dan in korreksje. At je dan sjogge dat foarich jier simmer de priis fan bepaalde houtsoarten 250% stegen is, dan docht dat wol wat mei je bedriuwsfiering. Hout is goud.”
De uitbreiding van 2000 vierkante meter zorgt voor extra opslagruimte, die mogelijk in de aankomende maanden erg welkom is. “It is konstant sjen fan kinne wy it no al ynkeapje, sadat it alfêst mar op foarried leit, as wachtsje wy dêr mei. Mei dy 2000 fjouwerkante meter ha wy yn elts gefal genôch rûmte om it guod op te slaan. Mochten de tiden wer feroarje, kinne wy ek yn de nije loads noch in produksjelein opsette.”