Yn maaije ferline jier hat de ChristenUnie yn ‘e mande mei CDA en FNP it Koalysjeakkoart 2014-2018 “Mear Romte oan de Mienskip” ûnderskreaun. Nei oanlieding fan ús ynstimmen mei de paragraaf oer de beheinde Sneinsiepenstelling fan winkels yn Dongeradiel is der ferline jier frijwat kommoasje by ús achterban ûntstien. Wy hawwe de passaazje oer de Sneinsiepenstelling goed oan harren útlizze kinnen. Mar spitigernôch ha wy dochs de ynfloed fan it emoasjonele aspekt op de ûntsteane byldfoarming ûnderskatten. Dat betreure wy.
Boppedat wie nei ôfrin fan it proefjier foar beheinde sneinsiepenstelling by de evaluaasje troch de Undernimmersferiening fan Dokkum OVD net frege nei de miening fan de winkeliers bûten Dokkum en de boargers yn de mienskip fan Dongeradiel dy’t sneins net winkelje wolle. Wy hiene dêrom op 29 oktober 2015 gjin politike romte mear om mei de paragraaf fan de sneinsiepenstelling ynstimme te kinnen. Wy begripe skoan dat ús koalysjepartners CDA en FNP teloarsteld binne oer de tsjinstim fan de ChristenUnie en dat dit no in fertrouwenskwestje wurden is. Dat muoit ús tige. Dêrfoar ha wy ús oprjochte ekskuses oanbean oan CDA en FNP.
Fierder hat de Christenunie altiten in loyale koalysjepartner west. Lykwols wie dizze skuldbelidenis foar harren net foldwaande, alhoewol’t it CDA op 26 juny ferline jier sels ek tsjin it doe foarlizzende koalysje útstel oer beheinde Sneinsiepenstelling stimd hie. CDA en FNP blieken net réwillich om de ChristenUnie te ferjaan, mar easken op it lêste momint moandei 2 novimber njonken in politike ferklearring ek noch dat fraksjefoarsitter Ferwerda opstappe soe. Oan dat lêste neikommen diktaat koe en kin de ChristenUniefraksje net foldwaan. As Ferwerda dêroan wol gehoar jaan soe, hie fraksjegenoat Fennema ek út de koalysje stapt. Dêrmei is de koalysjebreuk in polityk feit, mei alle politike gefolgen foar de posysje fan ChristenUnie-wethâlder Boorsma. As ChristenUniefraksje betreure wy tige de ûntsteane politike situaasje.