De útspraak yn de Rjochtsaak Vaatstra wurdt freed 19 april mei in fertraging fan in kertier útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl. De ferwachting is dat de rjochter om healwei alven úteinset mei it foarlêzen fan it fonnis. De hiele dei wurdt op Omrop Fryslân Radio, Televyzje en Ynternet wiidweidich ferslach dien fan de útspraak, mei ûnder oaren ekstra nijsbulletins.
It foarlêzen fan it fonnis troch de rjochter sil nei alle gedachten in oere duorje. Dat mei net rjochtstreeks útstjoerd wurde, omdat de útsprutsen teksten earst troch in meiwurker fan de rjochtbank besjoen wurde moatte. Op dy wize wol de rjochtbank foarkomme dat der bygelyks nammen neamd wurde. Dat kin ek betsjutte dat parten fan de útspraak net útstjoerd wurde meie.
Op Omrop Fryslân Radio en www.omropfryslan.nl wurdt freed wiidweidich ferslach dien fan de útspraak. Ek binne der reaksjes te hearen fan de rjochtbank, it Iepenbier Ministearje en de ferdigening. Fierders binne der op televyzje fan 12:00 oere ôf alle oeren ekstra nijsbulletins te sjen. Jûns wurdt yn Hjoed fansels ek wiidweidich stil stien by de útspraak yn de saak Vaatstra. Dêrnei, yn Need op Freed, wurdt neipraten oer de útspraak mei belutsenen fan it plysje-ûndersyk.
Op tongersdei 18 april wurdt op de radio yn Omrop Fryslân Aktueel en op televyzje yn Hjoed al foarútsjoen op de dei fan de útspraak.
Goed twa wike lyn waarden parten fan de rjochtsaak Vaatstra ek al op de ynternetstjoerder Omroplive.nl útstjoerd. It gong ûnder oaren om it rekwisitoar (it útsprekken fan de eask) fan it Iepenbier Ministearje en it pleidoai fan advokaat Jan Vlug. Dêrfoar wie in soad belangstelling. Hast 30.000 minsken út binnen- en bûtenlân beseagen de útstjoering.
Fonnis rjochtsaak Vaatstra op freed 19 april 2013
– Bylden fan de rjochtsaak te folgjen op www.omroplive.nl fan likernôch 10:30 oere ôf.