Utrikking Simke Kloosterman priis 2022 · Foto('s): Sake Beerstra
  Sake Beerstra

Utrikking Simke Kloosterman priis 2022

zaterdag 24 september 2022

TWIJZEL – Op 23 septimber waard de Simke Kloosterman priis foar de trettjinde kear útrikt. Tusken it publyk yn de Petrustsjerke siet de noch ûnbekende skriuwer fan it winnende boek It neidiel fan de twivel. Foarsitter fan it Lien en boargemaster Oebele Brouwer iepene de middei mei in lytse skiednis fan it Lien en in relaas oer de persoan Simke Kloosterman.

Doe kundige er Brent Polder oan, de winner fan de foarlêskriich Simkes Stimke, dy’t op meinimmende wize in fragmint foarlies út it winnende boek. Brent waard huldige as bêste foarlêzer fan Achtkarspelen.

Johan Timersma soarge foar in stikje muzyk, wêrnei’t it wurd oan de sjueryfoarsitter wie. Martsje de Jong priizge de winner mei it knap skreaune boek, mar wiisde foar alle Fryske berneskriuwers op it belang fan stypjende en stimulearjende ynstitúsjes, lykas goed redaksjewurk. Se spruts har ek út oer de ôfwêzigens fan bern by it hiele berneboekeproses. Njonken de winner I.E. Bloem wienen noch fjouwer skriuwers nominearre foar de priis, wêrûnder de oanwêzige Tialda Hoogeveen dy’t har oantinken yn ûntfangst naam. Tjibbe Brinkman hie de eare om de priis út te rikken en brûkte de gelegenheid foar in klinkend pleidoai foar it Frysk.

Doe kaam de hear Bloem nei foarren, dy’t him bekend makke as Jan Minno Rozendal. Nei in muzikaal yntermezzo naam Rozendal de mikrofoan. De winner hold der net sa fan om yn de belangstelling te stean, fandêr it pseudonym. Rozendal stie by it moaie momint stil doe er hearde dat er in priis wûn hie, mar ek by it ferstjerren fan syn mem yn maaie, krekt foar de inisjele útrikking. Hy einige mei de hoopfolle meidieling dat Bloem noch net útskreaun is: “Der komt wer in nij boek oan!”

Mei in treflik lyrysk gedicht út de haadpersoan fan it boek wei sleat Arjan Hut it ynhâldlik diel fan de útrikking ôf. De feestlike middei waard fuortset op de tún by it SimkeKloostermanhûs.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?