Skriuwer Koos Tiemersma, winner fan de Gysbert Japicxpriis 2015, hat dizze wike ûnder syn pseudonym Froon Akker de roman ‘Under wetter’ (2009) as e-boek publisearre.
‘Under wetter’ is in ferrassend aktueel boek, sjoen de koade Oranje dy’t it KNMI ôfjoech yn it kader fan de klimaatkonferinsje fan de Feriene Naasjes. It is 2065. Fryslân wurdt yn it ramt fan in wrâldwiid klimaatakkoart priisjûn oan it stigende seewetter. De âlde keninginne Amalia hellet de bonken fan har foarâlden út de Grutte Tsjerke, rûnom hearsket ferfal en binne der rellen. De befolking moat nei Dútslân of Poalen, foar’t de diken trochstutsen wurde. Yn Ljouwert en Grins rinne noch in pear minsken om dy’t de yllúzje koesterje dat se bliuwe kinne. Se foarmje in aksjegroep dy’t de Fryske taal en identiteit bewarje wol. It deiboek fan Sil Posset jout fan binnenút in sfearfol en spannend ferslach fan har aktiviteiten.
It hiele oeuvre fan Koos Tiemersma is no fia syn side (www.froonakker.nl) digitaal beskikber, yn it Frysk, mar foar in grut part ek yn it Nederlânsk. Op dit stuit wurket er oan in nij boek, dat yn ‘e rin fan 2016 ferskine sil.