Oan de hân fan in spannende wedstriid tusken learlingen fan it fuortset ûnderwiis is de nije taalgame Twastriid lansearre yn de boekwinkel fan de Afûk. De game, dy’t ûnderdiel is fan de digitale metoade Searje 36, sit grôtfol oefeningen op it mêd fan de Fryske stavering. Learlingen dy’t de game spylje mei harren klasse, wurde automatysk yndield yn twa groepen. De namme Twastriid referearret dêroan.
Yn de oanrin nei de lansearring ta hawwe in tal skoallen it spultsje útprobearre. De reaksjes binne posityf. Benammen it gearwurkjen fan de learlingen en it adaptive karakter fan de ynhâld wurde troch de learkrêften sjoen as pluspunten. Wylst de learlingen op in leuke manier dwaande binne mei de taal, kin de dosint folgje hoe’t de yndividuele learlingen it dogge.
Foar de lansearring wie de game omtovere ta in spulshow dêr’t de learlingen yn gearwurkje moasten om taalfragen te beäntwurdzjen. De fragen waarden steld troch presintator Folkert Wesseling. De winners komme fan CSG Liudger út Burgum. Sy hawwe in útstapke mei de hiele klasse wûn. Dockinga College út Dokkum ferlen de striid.