Tryater strykt foar de lêste repetysjewike en de earste spylwike fan harren nije foarstelling De wierheid fan Wylgeragea del yn MFC De Tredder yn Westergeast.
Dêrnei giet de foarstelling op reis by teaters en sealen yn de provinsje del. Fan 26 septimber oant en mei 30 septimber wienen der repetysjes yn De Tredder. Op 4, 5, 6 en 7 oktober binne der try-outs en op 8 oktober is de premjêre.
Freedtemiddei 30 septimber koenen Westergeasters even komme te sjen en in drankje drinke mei de spilers en meiwurkers fan Tryater.
Foar de try-outs fan 4, 6 en 7 oktober binne kaarten te keap by Sonja Bijlstra, 0511-442860/0511-442502 of kaartferkeap@gmail.com. Ynwenners fan Westergeast en De Triemen krije de helte koarting op kaarten foar de spesjale doarpsjûn op freed 7 oktober. De Wierheid fan Wylgeragea is in grimmitich-grappige foarstelling oer in doarp dat it kwea bûten de doar besiket te hâlden.