Begjin novimber 2008 is de kursus ‘Fryske stavering-plus’ fan de Afûk út ein set. De gemeente Achtkarspelen hat dizze kursus Frysk fergees oanbean oan redaksjes fan doarpskrantsje en doarpssites, en skriuwers fan ferienings pleatslik belang.
De kursus, ûnder lieding fan lesjouster Jikke Olivier fan Kollum, is hast ôfrûn. Trettjin kursisten krije op 24 febrewaris in sertifikaat útrikt troch boargemaster Tjeerd van der Zwan.
De kursus is oanbean yn it ramt fan it Frysk taal- en kultuerbelied fan de gemeente Achtkarspelen. De kursus ‘Fryske stavering-plus’ bestiet ûnder oaren út spesifike opdrachten dy’t te krijen hawwe mei stikje-skriuwen en redaksjewurk lykas it ynterviewen fan in bekende doarpsgenoat, it ferslaan fan in gearkomste fan de gemeenteried of it skriuwen fan in resinsje fan in kulturele aktiviteit.