De FNP yn Dantumadiel hat jong talint heech op de list. Achter listlûker Emke Peterson stean tritiger Ferry van der Ploeg en tweintigers Marianne van der Meer en Doetje de Jong op ferkiesbere plakken.
Emke Peterson út Damwâld hat de ôfrûne fjouwer jier wethâlder foar de FNP west en is op’e nij beskikber. Ferry van der Ploeg (De Westereen) hat de lêste jierren meidraaid yn de skaadfraksje. Marianne van der Meer (De Westereen) nimt politike ûnderfining mei út buorgemeente Achtkarspelen. De ledegearkomste hat it ferkiezingsprogram fêststeld. ‘Grutsk op Dantumadiel’ is it sintrale tema foar de ferkiezings.
Op de foto de top 7 fan de FNP Dantumadiel. Fan links nei rjochts de nammen en it plak op de ferkiezingslist: Doetje de Jong (4), Martin Feddema (6), Emke Peterson (1), Jerrit de Bruin (5), Ferry van der Ploeg (2), Marianne van der Meer (3), Ruerd de Haas (7).