Toosten tijdens nieuwjaarsreceptie Noardeast-Fryslân · Foto('s): Bote Sape Schoorstra
  Bote Sape Schoorstra

Toosten tijdens nieuwjaarsreceptie Noardeast-Fryslân

donderdag 05 januari 2023

DOKKUM – In de Grote of Sint-Martinuskerk in hartje Dokkum werd donderdagmiddag de nieuwjaarsreceptie van de gemeente Noardeast-Fryslân gehouden.

‘Ferbûn mei de Mienskip’ is het credo wat de gemeente in het aankomende jaar wil uitdragen. En ook het afgelopen jaar uitdroeg. Er kwamen verschillende vertegenwoordigers van de Dokkumer wijken, maar ook dorpsbelangen, ondernemers en andere geïnteresseerden op de bijeenkomst af. Deze was openbaar toegankelijk.

Dichter Geart Tigchelaar droeg als opening van de receptie een speciaal geschreven gedicht voor. Daarna kreeg burgemeester Johannes Kramer het woord om het jaar te openen. Ook kinderburgemeester Ilse Leffring sprak de menigte toe.

Lees hieronder de nieuwjaarstoespraak van burgemeester Kramer

Eltsenien in alderhertlikst goed en sûn nijjier tawinske. Ut namme fan de hiele gemeente Noardeast-Fryslân, it bestjoer en de organisaasje, mar ek út namme fan myn frou en bern.

Trije jier nei’t ik hjir yn dizze tsjerke ynstalleard wurde mocht, stean we hjir no foar it earst wer en bin we ûnderwilens twa Corona jierren fierder. Dêrom is it ek sa fijn om jim allegearre wer te sjen en moetsje te kinnen. Want wy, it bestjoer fan de gemeente Noardeast-Fryslân wol ticht by de minsken stean. Dat is ek de útdruklike kar fan ús gemeenteried en ús kolleezje. Want der is genôch om it mei inoar oer te hawwen.

Bygelyks, hoe komt it yn de Oekraïne en de opfang fan alle flechtelingen? En de enerzjypriizen, benammen foar de minksen mei in smelle beurs? En wat mei de ynflaasje? En bin der wol genôch besikbere en gaadlike wenten foar eltsenien? Dat bin samar in pear fragen, en perfoarst net de minsten, foar it kommende jier.

De oerheid is útfûn om dat de bëoarderjen wêr’t de minsken der sels ûnderling mei inoar net mear útkomme. En wêr’t yn it ferline in protte ferwachtte waard fan de merk en it partikulier inisjatyf, dêr merke wy no dat dy yn guon gefallen aardich tekoart sjitte. De oerheid as oplossing foar alle kwalen is wer hielendal ‘terug van weggeweest’, en dan benammen de gemeenten, want Den Haag sjocht foar de oplossing fan benei elts probleem earst nei de gemeenten.

Dizze gemeente is in weryndielde gemeente krekt om de takomst treast te wêzen en ús ynwenners en ûndernimmers sa goed as mooglik by te stean. Dizze gemeente is oprjochte om krekt troch op te skalen tichterby de minsken stean te kinnen. Dat klinkt as in paradoks. Mar dat is it net. Ek foar 2023 kiest ús gemeente der foar om noch mear en noch better as foarhinne der foar de ynwenners te wêzen. It ôfrûne jier is ynset op in fersterking fan de ferbining mei de doarpen en wiken. Der is in miljoen stutsen yn it doarpe- en wikenfûns. Der komt in lang om let in rûnwei om Wânswert hinne. De wentebou op de doarpen wurdt mei faasje oppakt en mei de nijbou fan skoallen sil útein set wurde. En ûndanks de arbeidsmerk slachje wy der goed yn om noch foldwaande kwalifisearre persoaniel oan ús te binen. En út ûndersyk fan Elseviers Weekblad kamen wy as tredde meast MKB freonlike gemeente fan Fryslân út de bus. En op sportyf mêd pakte fansels ús Marijke Groenewold fan Hallum in brûnzen medalje by de Olympyske Spelen en wûn Moarre-Ljussens ûnferwachts mar wol dik terjochtte de Freule.

Mar ferline jier wie ek it jier fan de stikstof en it boereprotest. Troch it beruchte stikstof kaartsje kaam it kabinet keihurd yn konfrontaasje mei de wurklikheid bûten de Haagse kaasstolp. Jim witte hoe as dat ferrûn is. Mar der ûntstie fan de simmer ek by in part fan de ynwenners it gefoel dat de oerheid in ferhoalen aginda hat en dat der hiele oaren belangen spylje as it natuerbelang. Dan komme de komplotteoryën en ik skrik derfan hoefolle minsken as dêr befetlik foar binne. En de útwurking hjirfan giet fierder as inkeld mar it plattelân of de lânbou, it liket wol of wurdt ús hiele demokrasy der mei troch oantaaste. It tige, tige noedlike ûntwikkeling. Amearika wie op 6 jannewaris 2021 mar ien stevige iikehouten doar ferwiidere fan de diktatuer. Wy kin it ús hast net yntinke dat soks ek hjir barre kin. Mar der wiene ek hiel wat minsken yn Amearika dy’t oant 6 jannewaris 2021 datselde tochten.

Dêr kinne wy eins mar ien ding oan dwaan. En dat is troch mei syn allen dizze oerheid sa goed as mooglik funksjoneare te litten. Transparant, dúdlik en foarspelber. Mei iepen each en ear. Dus mei in goede kommunikaasje en mei ynspraak. Mei ynspraak dêr’t echt nei harke wurdt. Mar ek mei dúdlike besluten.

Dat klinkt allegearre like maklik as logysk. Mar sa ienfâldich is dat net. Wy, it bestjoer, mei syn riedsleden, wethâlders en amnters kinne dat net allinnich. Dêr hawwe wy jo foar nedich. En dêrom wol ik jo fan herten útnûgje om mei te dwaan, mei te tinken en mei te praten. Want de gemeente, de lokale demokrasy, dy foarmje wy mei inoar.

Wy moat dus foar alles transparant wêze, mar ek oer wat net of net mear kin. Wy sil ek besluten nimme moatte dy’t net eltsenien nei it sin binne. Der bin no ienkear beheinings oan wat mooglik is. Maatwurk is moai as it kin, mar eltsenien moat wol safolle as mooglik gelyk behannele wurde. It jild en de wet,  dêr kinne wy net ûnder út. Ek al mei der no wer mear fan de oerheid ferwachtte wurde, net alles is haalbaar en betaalbaar.

Politiek is de kunst van het mogelijke, sei Otto von Bismarck. En Lubbers sei: Politiek is niet voor bange mensen. Dus binnen de kaders fan it mooglike mei moed, lef en fyzje bestjoere, yn samenspraak en oparbeidzjen mei jimme, de minsken dêr’t wy it úteinliken allegearre foar dogge. It is mei sizzen net te dwaan. Dat moat blike. Ek it kommende jier yn Noardeast-Fryslân.

As gemeente Noardeast-Fryslân wolle wy dan ek foar al it oare foaral noed stean foar ús ynwenners. Fan Brussel oant Brantgum. Want de wrâld hinget fan ferbiningen oan in oar. En dy ferbining begjint tusken ús, hjir hjoed en fierderop yn dit nije jier. Dy ferbining wolle wy, as gemeente, as bestjoer en as amtlike organisaasje mei jim meitsje. As it no giet om de lânbou, mar ek om it oanpakken fan de klimaat earmoed, it bouwen fan nije wenten en it behâld en fersterkjen fan de fersjennings. En dy ferbining, tusken wat moat en wat kin, tusken wat soe en wat koe, dêr binne wy as bestjoer, de gemeenteried, de wethâlders, ús amtners en ik as boargemaster foar jim benaderbaar en oansprekber.

En dêrom wol ik no graach mei jim it glês om heech bringe om mei inoar te klinken op it nije jier en de ferbining mei inoar!

Johannes Kramer, boargemaster gemeente Noardeast-Fryslân

Auteur: Ben de Jager | RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    De moarnsshow
    Overzicht van nieuwsreportages & weerbericht en hoofdpunten van het nieuws.
  • 09:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?