Tongersdei 21 april organisearret Praat mar Frysk alwer de fyfde Fryske Twitterdei. Op dizze dei wolle wy besykje om mei safolle mooglik minsken safolle mooglike Frysktalige tweets de wrâld yn te stjoeren, mei of sûnder skriuwflaters.
Bysûnder dit jier is it ynternasjonale tintsje. Wy hawwe organisaasjes út Baskelân, Galisië, Ierlân, Wales, Skotlân en Cornwall ek oproppen om mei te dwaan om sa harren lytse talen yn de spotlights te setten op Twitter. Neist de eigen taalhashtag wurdt dêrneist yn alle dielnimmende de hashtag #TIML2016 brûkt, of wol: ‘This Is My Language’; dit is myn taal. Sa wolle wy mei syn allen it brûken fan lytse talen op sosjale media oanmoedigje.
Oan de Fryske Twitterdei dogge alle jierren tûzenen twitterders mei. Neist in protte bekende Nederlanners en Friezen dogge ek bedriuwen en ynstellings lykas Politie Fryslân, SC Heerenveen, Post NL, Ziggo en oare lanlike organisaasjes mei oan de Fryske Twitterdei.
De Fryske Twitterdei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. Mei dizze aksje wol de kampanje de drompels om it Frysk te brûken fuortnimme en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter en Facebook stimulearje.