BUITENPOST – Dûnsje, sjonge, mooie ferhalen en in draaiorgel! Tomke toert yn juny nei ferskate pjutteboartersplakken, bernesintra en biblioteken ta. It is him net oan te sjen, mar Tomke fiert dit jier syn 25 jierig jubileum.
Derom brocht Tomke in besite oan TIKO kindercentra yn Bûtenpost wêr de bern in prachtige feestlike dei mochten belibje.