Nei in protte wille mei it repetearjen binne de spilers fan Bienze Westra der klear foar om de komeedzje Edelweiss op de planken te bringen.
Edelweiss is in komeedzje yn trije útkomsten skreauwn troch Carl Slotboom. It stik spilet him ôf yn it hotel fan Inge mulder, hotel Edelweiss. Tegearre mei Franzi en Leopold ontfange se hjir it hiele jier troch gasten dy in fakânsje trochbringe yn de Eastenrykse Alpen.
Bygelyks Els, syhúsmannet elts jier mei har kuiergroep yn dit hotel. Dit jier hat se Hanneke, Koba, Monique en Annie by har en se hat noch noait in kuiergroep hâwndy sa goed by elkoar passe. Yn deselde wike komt in fûgelkenner del, fan himsels al in frjemde fûgel. Hy kin it lûd wol fan 80 fûgels nei dwaan. Of tinkt er dat? En wat siket de man yn’t swart dyder sa mar ynienen is. It liket wol in gangster! En dan barre der frjemde saken. Wa hat Leopold op syn holle slein en wêrom wurket de kabelbaan net mear?
Gelokkich kaam der in toanielskriuwer del dy’t alles op papier set hat. Bin jim ek benijd hoe dit ôfrint? Jimmekinne mei Bienze Westra mei de Eastenrykse Alpen yn op 28 en 29 febrewaris dan begjint it om 20.00 oereen op 8 maart is der in matinee foarstelling, om 15.30 oere. Fan hertewolkombyien fan úsfoarstellingenyn it doarpshûsHústerwâldoan de Wygeast te Aldwâld. Kaarten bin te keap oan de kassa.