ALDWALD – Freed spile Toanielferiening “Bienze Westra út Aldwâld nei 3 jier oefenjen dan eindelijk it stik “Spa mei Stress” foar in folle seal yn it MFC “Hústerwâld.
Wat ha de minsken lake om de prachtige spilers en de hilaryske situaasjes. It stik spile yn in kueroord, dat eksploiteare waard troch Joris. Joris hat it nochal drok en it falt foar him net ta om alles foarinoar te krijen. De gasten wurde folslein fersoarge. Der is kapper, in masseur, in yogaleraar, in fitnessleraar en hja kinne der sels op dieet om ôf te fallen.
As in tillefyzje-progamma “Heel Holland beweegt” delkomt om in promoasjefilmke te meitsjen en der gasten oan-komme dy’t in protte oandacht freegje, wurdt it eigner Joris te folle en freget er syn broer Floris him te helpen. As der dan ek noch een bedrager ûnder de gasten tahâldt, is de gaos net meer oer te sjen.
Nijskjirrrig wurden hoe’t dit gien is? Saterdei 4 febrewaris om 20.00 oere en snein 12 febrewaris 15.30 oere ha jim noch in mooglikheid om it stik ek te sjen! Sjoch foar mear ynformaasje op hun facebookside ’BienzeWestra’.