ALDWALD/ WESTERGEAST – Freedtejûn wie der troch de Protestanske Gemeente fan Aldwâld en Westergeast in betinking/ ljochtsjesjûn organiseare. De hiele dei foel der in protte rein, mar om 17.00 oere waard it droech en it waard in hiele moaije jûn.
De ljochtsjes stiene lâns it paad nei de doarren fan de tsjerken ta, mar ek op it tsjerkhôf by grêven stiene al ljochtsjes te brânnen.
De Basisskoallebern kamen dernei mei in Ljochtpûdsje of fersierde pot de tsjerke binnen, mar skreaunen earst in tekst op hinger, dy’t se dernei yn de treastbeam hingje mochten. De beam wie aardich heech, dus der moast in trapke oan te pas komme of in heit of mem tilde de bern even op. Doe gienen se mei inoar nei it tsjerkhôf, om it ljochtpûdsje by in dierbere of in bekinde del te setten. Al mei al wie it in tige slagge jûn.