Freed 1 septimber wie it 40 jier lyn dat Theo Lei by, doe ‘Oostergo’, begon te wurkjen.
40 jier by deselde wurkjouwer, dat belibbet net elkenien en at Theo sûn bliuwt, komme der ek noch wol in jier as 10 by!
Theo is, fuort fanôf skoalle, op 1 septimber 1977 begon yn de kassen yn Holwerd. Hjir hat er in goeie 20 jier wurke. Nei de privatisearring wie hy simmers noch yn de kassen en yn it winterskoft by Oostergo oan de Holwerderwei binnen oan it wurk. Doe ’t it mei de kassen hielendal ophâlde, krige it personiel doe in rûnlieding by Oostergo en koe der oanjûn wurde op hokker ôfdieling men wurkje woe.
Theo is doe by Saakje Meindertsma op de ferpakkingsôfdieling kaam en dat wie foar Theo ‘in MAKJE’, sa fertelde er. Yn dy tiid wienen hjir noch ferskate wurksumheden en Theo hat dan ek wol fan alles by ’t ein hân.
Doe ’t er detasjeringsmooglikheden kamen om sa safolle as mooglik yn it ‘normale’ bedriuwslibben mei te dwaan, stie Theo hjir ek fuort foar iepen.
Sa hat er by Helwa yn Hallum, by Tonerfil yn Ljouwert, by Spinder yn De Harkema en by Enna Aerosol wurke. De lêste 2 jier hat er by ‘Pointer fietsenfabriek’yn Boelensleane wurke, ta folle tefredenens fan de ynliener. At der ekstern efkes gjin wurk is, kin er altiten werom falle op it wurk binnen NEF. Hjir binne genôch wurksumheden te dwaan en sa bliuwt men ek yn it wurkritme. Theo is fan alle merken thús en in hiel betroubere persoan.
Ut namme fan NEF hat direkteur Tjitte de Vries Theo tank sein foar syn ynset en in prachtich bosk blommen mei kadobon oerlange.
Oane Koree