Sneon binne de froulju fan MC1 kampioen wurden fan de KNVB beker Noord Nederland. Yn in bus binne se ôfstutsen nei Steenwijk mei tsientallen supporters, sels de hurde kearn wie mei.
Troch trije wedstriden te winnen fan Rouveen, De Sweach en Vlagtwedde binne se kampioen wurden. Mei de noadige feeststimming waarden se huldige en mocht Linda Vos de Kampioensbeker oannimme en dizze fansels mei de groep diele.
Runrit troch it doarp
Wer werom yn Ternaard hawwe se, mei de frachtauto fan Waaksma en dochters, noch in slach om west troch Ternaard en omkriten om dit mei it doarp te fieren.