Fêste gasten fan swimbad de Frosk yn de Westereen binne starten mei in hantekeninge-aksje om it swimbad op moandeitemoarn iepen te hâlden. De nije eigner, de ‘Conegroup’ hat besletten tenei op moandei pas nei njoggen oere te iepenjen, wylst der oars fan sân oere ôf baantsjes lutsen wurde koene. Earder sleat it swimbad syn doarren al op tongersdei-oerdei.
Sa’n tachtich minsken hawwe krekt in nij abonnemint naam. Foar in jier: “onbeperkt zwemmen!” En no is it swimbad minder iepen. De minsken kinne minder gebrûk meitsje fan it bad asdat hja ferwachten. Boppedat sille der no minder minsken in nij abonnemint ôfslute, wylst de Conegroup graach wol dat minsken ‘lid’ wurde en bliuwe. Mooglik reitsje guon it fertrouwen kwyt. Earst wie it de tongersdei en no de moandei: wat is de folgjende dei dy’t ticht giet?
Komitee de Frosk organisearre yn 2011 mei sukses de aksjes foar behâld fan it swimbad. Op stuit folgjet it komitee, as ûnôfhinklike groep brûkers fan it swimbad, de ûntwikkelingen. Komitee de Frosk wol in bydrage leverje oan de positive ûntwikkeling fan it swimbad.
It komitee is bliid mei de aksjes foar behâld fan de swimgelegenheid op de iere moandeitemoarn. Wy roppe minsken op om har hantekening te setten. It is fan it grutste belang dat der in soad besikers bliuwe en dat der nije badgasten bykomme. Allinne dan kin it swimbad op termyn bliuwe. Wat mear as it bad iepen is, wat oantrekliker it wurdt foar swimmers.
De ‘Conegroup’ hat diverse tûkelteammen te oerwinnen om it bad te ûntwikkeljen en rindabel te meitsjen. Dat falt fansels net ta, as komitee hawwe wy dêr begryp foar. Mar it is tagelyk sa dat de ‘Conegroup’ it bad foar 1 euro oernaam en € 800.000 hânjild meikrige. Yn ruil dêrfoar moat it bad minstens tsien jier iepen bliuwe en de maatskiplike funksje moat oerein bliuwe. Dy útdaging is de nije eigner bewust oangien!
© Foto: Albert Wijbenga