Efter de skerms wurd hurd wurke om foar de tredde kear in iepenloftspul op te fieren – op it Stinseterrein – oankommende septimber. It boek fan Durk vd ploeg ‘Foarby it Boarkumer fjoer’ is troch Baukje van Hijum bewurke ta Iepenloftspul.
Fanôf nije wike (25 febrewaris) sille de repetyzjes plakfine yn soarchsintrum “De Skûle “. Dit sil duorje oant te mei mits maaie. Hjirnei sille de spilers en de figueranten fierder oefenje – bûten op Stinsefljid. De útfieringen sille plakfine op 8,9,10 15,16 en 17 septimber. It belooft in bysûnder spektakel te wurden om`t it theater sa ynrjochte wurde sil, sa as it yn de omkriten (by oare iepenloftspullen) nea earder fertoand is!
Binne Reitsma en Martha de Jong – de beide regisseurs – kinne noch wol een pear betoefte spilers brûke. Ek foar de figueraazje is noch steeds plak! Oanmelde kin op de malje info@iepenloftspulmitselwier.nl of rjochtstreeks nei regisseur Binne fia 0519-562707.