NIJEWIER – Nijewier kriget op freed 22 septimber as lêste doarp yn de gemeente offisjeel in Frysk plaknammeboerd. Wethâlder Aant Jelle Soepboer sil it boerd tidens in lytse feestlike byienkomst yn gebrûk nimme. Dit sil wêze om 10:00 oere oan de Singel yn Nijewier. Earder soe dit al op 27 july, mar troch it minne waar is dit ferskood wurden. Underwilens binne yn de gemeente de doarpen dy’t it oanbelanget al foarsjoen fan in Frysk boerd. Nijewier is dus de lêste yn de rige. De hanneling is it slútstik op in moai proses.
Wethâlder Aant Jelle Soepboer is tige optein oer dizze ‘markearring’. “De Fryske plaknammen wurde no echt foar elkenien sichtber. Ik hoopje dat wy hjirmei de bewustwurding oangeande ús moaie taal fergrutsje en dizze boargje kinne foar de takomst. It is fansels mar ien fan de stappen mar wol in wichtigen. Ek de kommende tiid sille wy trochsette mei it fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk. Ek foar besikers oan ús gebiet kin de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte fan grutte wearde wêze.”
Offisjele Fryske plaknammen
Op 8 july 2021 hat de gemeenteried ynstimd mei de ynfiering fan Fryske plaknammen yn de gemeente. In doarp kin mar ien offisjele namme registrearre ha, hjirmei kaam de Nederlânsktalige plaknamme as offisjele namme foar de doarpen te ferfallen. Al dizze wizigings moasten trochfierd wurde yn de offisjele systemen fan de gemeente. Sa is fan 1 jannewaris 2023 ôf de nije namme ek te finen op bygelyks rydbewizen en geboarte-akten.