MOARRE-LJUSSENS – Moandeitemoarn gienen nei in perioade fan acht wiken de doarren fan basisskoalle de Griffel te Ljussens wer iepen. Wol mei ynachtnimming fan alle regels fansels. Bern geane yn faze’s wer nei harren eigen groep.
Moandei wie it de beurt oan de bern fan groep 2, 4 en 6 en 8. Tiisdei geane de oneven nûmers. In pear entûsjaste memmen hiene juster soarge foar dit spandoek om alle juffen te betankjen foar harren stipe mei thúswurk de ôfrûne twa moannen. Juf Alie en juf Henny op de foto en ek fansels foar de oare juffen dy’t al yn harren groepen wienen.