De loft is blau, de sinne skynt yn alle gloarje. Woansdei is it skoallekeatsen fan Skoalle mei de Bibel De Griffel te Moarre –Ljussens. It is sa starichoan in fêste tradysje, dit skoallekeatsen. Yn de lêste wiken foar de simmerfakânsje wurdt al jierren in geskikte woansdei útsocht om ye keatsen, fan groep 4 oant en mie 8. Yn oparbeidzjen mei de keatsferiening wurde de perken de tiisdeitejûns al klearlein. In oantal frijwillige keatssenioaren wurdt frege om de lieding te nimmen oer de ferskate partoeren. De meikediezingskommisje fan skoalle hat alles goed ôfregele, de kofje is brún. Ûnder lieding fan Ria Rispens giet it los. Wa wurdt hjoed de Kening fan Moarre – Ljussens, wa wurdt de Keninginne fan beide doarpen?Der steane yn elts gefal twa grutte bekers klear.
Dan de keatserij. Der wurdt slein, útslein, bûtenslein, boppeslein. Wat in moaie bal, nee, dat wie in pripper!De betûfte senioaren hawwe de hannen fol om alles yn goede banen te lieden. Mar mei sa ’n sport docht it waar in protte, de stimming sit deryn.De omstanners moedigje oan, helpe te keatsoanmerken en betsjinste de telegraaf.
Om goed healwei tolven is it measte berêden. De senioaren jouwe har del en krije in wolfertsjinne opstekkerke.De prizen wurde utdield, de nije kening en keninginne fan skoalle mei de Bibel De Griffel kriget de kenings- of keninginnebeker. Grutsk, mei in krânse derop ta, giet it op hûs oan.De keatskultuer hat yn Moarre – Ljussens wer fuotten ûnder it gat krigen!
(C) Foto’s: Everdina Boersma