Riemck fan Ropta · Foto('s): 

Riemck fan Ropta

maandag 28 oktober 2019

Takomme jier septimber sil yn Mitselwier foar de fjirde kear in Iepenloftspul plakfine. Fan 16 oant te mei 19 septimber – sil it stik “Riemck fan Ropta” opfierd wurde. Stichting Iepenloftspul Mitselwier hat it stik skriuwe litten troch skriuwster Baukje van Hijum. It boekje: “ It soenhús “ fan A M Wybinga, wie foar Baukje de ynspiraasje om “Riemck” te skriuwen.

It plak wêr’t no, it ierappel bedriuw Ropta stiet, stie ienris in steatlike state wêr’t it geslacht Ropta wenne dy’t syn macht net allinne beheinde ta Mitselwier mar hast hiel Eastdongeradiel omfieme.Worp Ropta wie in fernaam ealman mei macht, oansjen en jild. It ferhaal giet net sasear om Worp mar mear om syn dochter Riemck, dy’t it oan doarde om tsjin har heit yn te gean en trou te bliuwen oan har hert en har gewisse en dy’t dêrtroch, in kear brocht yn it grouwélige skeel dat al jierren broeide en ta útbarsting kaam tusken har heit en syn aartsfijân Sjûck Helbada.

It iepenloftspul sil regissearre wurde troch Atsje Lettinga út Bûtenpost. Spilers en figuranten dy’t meispylje wolle, wurde útnoege om nei de audysje-jûnen te kommen op – tiisdei 26 novimber en tiisdei 3 desimber oansteande – yn Soarchsintrum de Skûle. Alle belangstellenden kinne in kar meitsje foar hokker jûn – en dat kin fia de malje ; f.meindersma@knid.nl Beide jûnen is de ynrin om 19.30 oere. En de oanfang is om 20.00 oere.

Yn gearwurking mei Stichting Monumintenbehâld Dongeradiel sil op sneontemoanne 9 novimber it iepenloftspulbarren “Riemck fan Ropta” offisjeel útein sette mei in boekprensintaasje – yn de âlde mûne fan Ropta. Stichting Iepenloftspul Mitselwier sil op dizze moanne it skript yn boekfoarm oanbiede oan skriuwster Baukje fan Hijum en regisseur Atsje Lettinga.

Om it iepenloftspul foar eltsenien mear bekendheid te jaan , docht Stichting Iepenloftspul Mitselwier ek mei oan de ferhale jûn fan Fryslân – op 15 novimber. Stichting Iepenloftspul Mitselwier prensintearret dan harren ferhaal oer it iepenloftspul fan takomme jier. “Riemck fan Ropta”!

Tige nijsgjirrig? Kom dan nei de âlde mûne fan Ropta om te lûsterjen nei it ferhaal oer Riemck….. It ferhaal sil op – 15 novimber om 19.30 oere en om 20.00 oere – ferteld wurde troch Harm Geerligs út Dokkum.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?