Restauraasje skoarstien Eastrum in opstekker · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

Restauraasje skoarstien Eastrum in opstekker

vrijdag 30 december 2016

FNP ”restauraasje skoarstien moat gjin flagge op strontpream wurde ”, de provinsjale subsydzje foar it opknappen fan de fabrykspiip yn Eastrum is in opstekker. De FNP Dongeradiel is bliid dat de provinsje Fryslân mei in subsydzje fan € 72.000,00 fierder ferfal fan it ryksmonumint, de unike stienfabryk te Eastrum en dan spesifyk de skoarstien te foarren komme wol. In restauraasje fan de piip sûnder it opwurdearjen fan it terrein is lykwols gjin wurkbere opsje. As de profinsje A seit sil der ek in B komme moatte .

De FNP fynt dat it hiele gebiet fan de Stienfabryk, in útnûgjend, iepen tagonklik gebiet wêze moat en opknapt wurde moat. No is’t in súterich, ôfslutend , in ferfallen gebiet sûnder útstrieling seit riedslid Ernst Meinsma. Ek de lizzing oan it prachtige fytspaad It Jaachpaad en oan de Dockumer Ie, is no spitigernôch gjin besitekaartsje. De FNP wol derom fan it kolleezje witte hoe as it fierder komt mei it hiele kompleks. De folgjende fragen binne derta steld:

  1. Is troch de provinsjale subsydzje de skoarstienpiip wer foar jierren behâlden? Wat kost de totale restauraasje fan de piip en hat de gemeente Dongeradeel der ek in rol yn.
  2. Hoe tinkt it kolleezje it folsleine stienfabryksterrein wer in ûtnûgjend karakter jaan te kinnen.
  3. De hiting is dat der  in bestimmingsplanwiziging  komme moat . Hokker wiziging moat der komme om it gebiet ekonomysk op  te wurdearjen  om bygelyks fersterking fan toeristysk en rekréatyf gebrûk mooglik te meitsjen of leit de kombinaasje mei wenjen/ wurkjen ta de mooglikheid?
  4. De FNP is fan betinken dat it opknappen fan de skoarstien in goede saak is mar it moat gjin flagge op in strontpream wurde. It no ôfskoatele gebiet moat opknapt wurde en in iepen karakter krije benammen no’t der no in protte mienskipsjild yn de skoarstien stutsen wurdt. Wy hearre graach hoe as it gebiet dy iepen tagonklike ynfulling  en herbestimming krije kin.
  5. Hokker mooglikheid ta algehiel opkreazjen hat de gemeente as oanjeier yndizzen om’t de gemeente gjin eigner is fan it gebiet.
Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
Restauraasje skoarstien Eastrum in opstekker · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?