KOLLUMERPOMP/KOLLUM – Tomke bestiet dit jier 25 jier en dêrom is it in juny Tomke-feestmoanne. It Pjutteboartersplak fan Thuishuis Pompidoe, “PSG De Pompeblesdjes”, fierden it feest wol op in hiel bysûnder plak.
Hja giene mei Tomke en it Tomke-feestkofferke nei in bistetún en dêr fierden hja Tomke syn jierdei. Nei in rûntsje by de bisten del giene de pjutten by in feestlike tafel sitten, wêr efter in Tomke feest flachjes slinger ophongen wie.
Dêr krigen hja in gebakje en wat te drinken. Dêrnei hawwe de bern harren fernuvere yn de sânbak en yn de boarterstún. It wie in prachtige Tomke feest moarn!