Woansdeitemiddei hat Johannes Kramer ûnder de gearkomste fan Provinsjale Steaten ôfskied nommen as deputearre. Mei yngong fan 6 jannewaris 2020 begjint er yn syn nije funksje as boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
Johannes Kramer (52) is troud en hat fjouwer bern. Kramer waard yn 2011 de earste deputearre foar de FNP en hat dêrmei twa perioaden lang lid west fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Dêr wie hy al goed acht jier lid fan Provinsjale Steaten fan de Provinsje Fryslân. Foar syn wurk by Provinsjale Steaten wie er warber as gemeentesekretaris yn Menameradiel.
Op freed 20 desimber fan 16.00 oant 18.00 oere fynt de ôfskiedresepsje plak yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Klaas Fokkinga nimt út namme fan de FNP it plak oer fan deputearre Kramer en wurdt ynstallearre op 22 jannewaris 2020