KOLLUM – Sneontemiddei 11 maart 2023 wie de presintaasje fan de nije roman ‘Swiet & Bitter’ fan Jikke Olivier. Mids famylje en freonen krige sy it earste eksimplaar út hannen fan Martsje de Jong fan útjouwerij KFFB.
It tankwurd fan de skriuwster wie foar de útjouwer, de meilêzers en foar omslachûntwerpster Rieke Verbeek. Dêrnei lies se in fragmint út de roman foar.
De roman giet oer de lêste wiken fan it libben fan Freek Salverda. Hy sit swier oantangele mei in oantinken út syn jeugdjierren, dat him noch hieltyd in skuldgefoel besoarget. Hy hat it altyd oan ’e kant skood mar wylst er no de measte tiid op bêd leit, kin er der net mear omhinne. Nachts sit Anne Mensink as frijwilliger palliative soarch oan syn bêd om him selskip te hâlden. Sy begjint krekt yn dizze tiid ek om te pakken mei oantinkens, dy’t yn har eagen foar in part net wier wêze kinne. Beide moatte oer in hege drompel om deroer te praten en sadwaande harsels te befrijen fan de lestige gedachten. Der ûnstiet in gefoel fan tagedienens tusken harren.
SWIET & BITTER is de fjirde roman fan Jikke Olivier. Yn 2018 ferskynde SKULD, yn 2020 In soarte fan brekken en yn 2021 HERTSEAR.