KOLLUM – Mids famylje en freonen krige skriuwster Jikke Olivier fan Kollum sneontemiddei 9 oktober 2021 it earste eksimplaar fan har nije roman ‘Hertsear’ út hannen fan Martsje de Jong fan útjouwerij KFFB.
It tankwurd fan de skriuwster wie foar de KFFB, de meilêzers en omslachûntwerpster Rieke Verbeek. Dêrnei lies se in fragmint út de roman foar.
De roman ‘Hertsear’ giet oer de gefolgen fan in fataal ferkearsûngelok foar de dieder en de neibesteanden fan it slachtoffer. Wilt Jorna, in jongeman fan tritich jier, rint de Camino del Norte nei Santiago de Compostella om it trauma dat er oardel jier earder oprûn hat te ferwurkjen. Bûten syn skuld om hat er in fytser fan 19 jier oanriden, dy’t de klap net oerlibbe hat. Hy is troch de rjochter frijsprutsen, mar Wilt fielt him likegoed noch skuldich oan de dea fan de jonge. Underweis moet er oare pilgims, elk mei in eigen ferhaal. Ien fan harren is Amy Carpenter, in jonge Kanadeeske frou dy’t har âlders koartlyn ferlern har as gefolch fan in ferkearsûngelok. Sy hat allinne mar haatgefoelens foar de dieder oer. Beide jonge minsken besykje in paad te finen om it libben wer oan te kinnen. Dat falt lang net ta.
‘Hertsear’ is de tredde roman fan Jikke Olivier. Yn 2018 ferskynde har debútroman ‘SKULD’ en yn 2020 ‘In soarte fan brekken.