Pjutteboartersplak ‘de Krobbekûle’ yn Bûtenpost sertifisearre

dinsdag 29 oktober 2013

Op tongersdei 31 oktober is der feest op pjutteboarterplak ‘de Krobbekûle’ yn Bûtenpost. Wethâlder Klaas Antuma fan Achtkarspelen  sil it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan de liedsters oerlangje. Op ‘de Krobbekûle’ wurdt sûnt maaie 2011 wurke mei in belied dat rjochte is op de meartalige ûntwikkeling fan de bern. De lokaasje hat it trajekt koartlyn ôfrûne. Yn it ramt fan de sertifisearring is der in feest foar pjutten, âlden en oare gasten. Nei it offisjele part is der in feestprogram foar de pjutten. Der is disko en de bern sille mei syn allen lekker ite. Ek sil der noch poppekast spile wurde.

Provinsjale ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 140 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘de Krobbekûle’
Pjutteboartersplak ‘de Krobbekûle’ is ûnderdiel fan Amarins Kindercentra. Amarins is in organisaasje dy’t pjuttewurk en berne-opfang yn Noardeast Fryslân biedt. In oantal fan harren lokaasjes wurket mei in meartalich belied. Yn Bûtenpost wurkje alle trije liedsters neffens  it ien-persoan-ien-taalbelied. Dat hâldt yn dat Carolien en Stien it Frysk konsekwint oanbiede en Denise it Nederlânsk. Frijwillichsters en stazjêres krije ek in taalopdracht, meastentiids biede sy harren eigen thústaal konsekwint oan. Taalaktiviteiten lykas foarlêze, sjonge en taalspultsjes wurde yn beide talen oanbean. Nei oanlieding fan de fisitaasje skriuwt de fisitaasjekommisje yn harren rapport it folgjende:

Krekt troch de dúdlike struktuer, de talige omgong mei de bern en de entûsjaste wurkhâlding soargje de liedsters foar in gesellige en feilige sfear dêr’t bern har goed by fiele en har ûntwikkelje kinne. Aardich wie ek it petear dat tafallich ûntstie by it fruititen. R. sei dat er in ‘peer’ meinaam hie. “Ja”, sei juf, “in lekkere par”. “Nee, in peer”, sei Renze. “Ja”, sei juf, “do seist peer en ik par en dat is beide itselde. Peer is Nederlânsk en par is Frysk”. R. wie tefreden. De liedsters ha in oplieding ta tutor folge en binne dêrom goed by steat om de (taal)ûntwikkeling fan de pjutten te folgjen.

Sertifisearring
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen. It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?