Pjutteboartersplak ‘de Pompebledsjes yn Damwâld sertifisearre · Foto('s): 

Pjutteboartersplak ‘de Pompebledsjes yn Damwâld sertifisearre

dinsdag 12 november 2013

Op moandei 18 novimber is der feest op pjutteboarterplak ‘de Pompebledsjes’ yn Damwâld. Dan wurdt it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedsters Jantine Bosch en Tineke Bijma oerlange. Op ‘de Pompebledsjes’ wurdt sûnt febrewaris 2012 wurke mei in belied dat rjochte is op de meartalige ûntwikkeling. De lokaasje hat it trajekt koartlyn ôfrûne. Yn it kader fan de sertifisearring is der in feest foar de pjutten op moandei 18 novimber en tiisdei 19 novimber. Nei de Tomkefoarstelling ‘De Hutselfrutsel ’ troch Riemkje Pitstra en Jetske Miedema is it offisjele part dêr’t âlden, fersoargers en gasten ek foar útnoege binne. 

Provinsjale ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 130 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘de Pompebledsjes’
Pjutteboartersplak ‘De Pompebledsjes ’ is in pjutteboartersplak fan de wolwêzensorganisaasje Kearn. Kearn wol álle pjutten, ûnôfhinklik fan harren thústaal, in goede basis biede foar in meartalige ûntwikkeling.  Ek de gemeente Dantumadiel stimulearret de trochgeande learline op it mêd fan meartaligens. De Pompebledsjes is it 4de pjutteboartersplak yn Dantumadiel dat sertifisearre wurdt foar har twatalige belied.

Yn Damwâld wurdt it twatalige belied as folget stal jûn: De liedsters biede konsekwint it Frysk oan as fier- en ynstruksjetaal. It Nêderlânsk hat in fêst plak yn ôfbeakene taalaktiviteiten, lykas it foarlêzen, opsisferskes of rollespultsjes. Frijwilligers en stagêres biede konsekwint óf Frysk óf Nederlânsk oan, al neigeraden harren taalachtergrûn.

Sertifisearring
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?