Oprop foar nije ferskes foar de 13e edysje fan it sjongfestival foar minderheidstalen Liet International, yn Apenrade/Aabenraa, Denemarken.
Op freed en sneon 3 en 4 april 2020 sil yn Apenrade/Aabenraa de 13e edysje fan it Europeeske sjongfestival foar minderheidstalen, Liet International, plakfine, sûnt 2002 it sjongfestival foar sjongers en bands dy’t yn in Europeeske regionale of minderheidstaal sjonge. Nei 12 eardere edysjes yn Fryslân, Sweedsk Laplân, Breizh/Bretange yn Frankryk, Udin/Udine yn Itaalje, Xixón/Gijón yn Spanje, Oldenburg yn Dútslân, Guovdageaidnu/Kautokeino yn Noarwegen en ôfrûne jier Ljouwert/Leeuwarden, sil Liet International no foar de earste kear Denemarken oandwaan.
Liet International 2020 is in spesjale edysje, om’t yn 2020 de grins tusken Denemarken en Dútslân 100 jier bestiet. Om hjir by stil te stean wurde ferskate aktiviteiten organisearre, en ek om it 100-jierrich bestean fan de Dútske minderheid yn Nordschleswig/Denemarken te fieren. Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN) – de oerkoepeljende organisaasje fan de Dútske minderheid yn Denemarken – sjocht út nei it organisearjen fan Liet International 2020 en om harren jierdei te fieren mei dit moaie evenemint. Fanwegen it jier 2020 wurde 20 akts útnûge nei Denemarken ôf te reizgjen. Alle akts sille op freed 3 april optrede. De sjuery kiest dêrút 10 akts dy’t yn de grutte finale fan sneon 4 april stean sille.
De organisaasje ropt dêrom bands, sjongers en kulturele organisaasjes út hiel Europa op om harren nije ferskes yn in regionale of minderheidstaal foar de 13e edysje fan it sjongfestival yn te stjoeren. It sjongfestival sil dit jier út 20 sjongers of bands bestean, dy’t allegear in Europeeske regio fertsjintwurdigje dêr’t in regionale of minderheidstaal sprutsen en songen wurdt. Bands en artysten wurde útnûge foar 31 oktober 2019 harren nij gearstalde muzyk en teksten, yn in Europeeske regionale of minderheidstaal, yn te stjoeren. De organisaasje fan Liet International 2020 is fan doel de seleksje fan’e ferskes foar Liet International 2020 foar ein novimber 2019 oan te kundigjen.
Yn eardere edysjes hawwe ferskes meidien yn talen sa as Arbëresh, Asturysk, Baskysk, Bretonsk, Fêreusk, Friûlysk, Gaelysk, Galisysk, Karelysk, Katalaansk, Kornysk, Korsikaansk, Manx, Meänkieli, Mordvinysk, Noard-Frysk, Oksitaansk, Platdútsk, Romani, Sámi, Sorbysk, Udmurtysk, Veps, Votysk en Welsk. De lêste edysje yn Ljouwert, yn 2018, is wûn troch de Kornyske band The Rowan Tree. De muzikantepriis is doe wûn troch de Galisyske Nastasia Zürcher.
De winnaar fan it Fryske sjongfesitval Liet 2019 (15 novimber 2019) en in dielnimmer dy’t de Dútske minderheid yn Denemarken fertsjintwurdiget binne automatysk selektearre foar dielname oan Liet International 2020. Dit betsjut dat der 18 plakken beskikber binne foar alle oare regionale en minderheidstalen yn Europa. De seleksje wurdt dien troch in lytse en folslein ûnôfhinklike sjuery yn it earste diel fan novimber. Kwalifikaasjekriteria foar it seleksjekomité binne de folgjende: kwaliteit en hoe unyk it ferske of de muzyk is, taalkundich, geografysk en muzikaal ferskaat en ek geslacht en leeftiid wurde troch harren meinaam. De tekst en muzyk moatte nij skreaun wêze.
De sjongers/groepen dy’t keazen binne, wurde útnûge om diel te nimmen oan it sjongfestival. Liet International ropt dielnimmers op finansjele stipe te sykjen foar harren reiskosten, bygelyks by harren regionale oerheid of oare fûnsen. De organisaasje soarget allinne foar ûnderdak en iten.
It sjuery bestiet út in seleksje fan eksperts op it mêd fan muzyk en regionale en minderheidstalen. It is ús bedoeling om in live útstjoering fia de radio en/of it ynternet te organisearjen. It is ek de bedoeling om it sjongfestival foar televyzje te registrearjen. Liet International is troch de jierren hinne ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen wurden en krijt ek in soad mediaoandacht.
Om dy oan te melden foar Liet International 2020 kinst it oanmeldformulier op ús webside ynfolje (https://liet-international.com/). De falbile hjirfoar is 31 oktober 2019. Allinne folslein ynfolle oanmeldingen wurde troch de seleksjesjuery besjoen. Hast fragen, stjoer dan in e-mail nei lietinternational@gmail.com.