BURGUM – Oan dizze iepening is it ien en oar foarôfgien. In koarte skets: de troch it Observeum lang koestere winsk om in mear praktyske omgong troch it museum realisearje te kinnen waard mooglik tanksij corona yn it ramt fan it foarkómmen fan inoar krúsende besikersstreamen waard foar alle belutsen partijen dúdlik dat dizze trochbraak net allinnich winske, mar sels needsaaklik wie.
Master Bos (1917 -1952 ûnderwizer yn Noardburgum) skreau boeken en stelde ûnbidige samlingen swalkstiennen byinoar dy ’t er allegearre beneame en werliede koe nei de plakken fan komôf yn de Skandinavyske lannen. Ek syn skoalle beluts master Bos by syn ûndersyk. Mei in soad fan syn learlingen luts er it fjild yn en ûnderwiisde har yn de geology. Dêrneist joech er bûten de skoaloeren les oan ynteressearre learlingen. In soad fan harren hawwe syn wurk nei syn dea fuortset.
De ynteresse fan Jan Faber (ôfkomstich út Reade Hoas by Gytsjerk) foar swalkstiennen waard wekker doe ’t yn de jierren ’60 de lânboumeganisaasje op gong kaam. Faber seach it grut ferskaat fan stiennen yn de steapels op syn hiem en syn belangstelling wie foargoed wekker wurden. Sa groeide er út ta in foaroansteand swalkstiensiker dy ’t Fryslân op it mêd fan swalkersûndersyk op ‘e kaart sette.
De hear Faber wie in protte yn Sweden en Finlân op fakânsje om syn swalkstiene-ûndersyk fan ferlikingsmateriaal te foarsjen. Dêrneist is Faber de betinker, inisjatyfnimmer en bouwer fan it Geologisch Monument te Mûnein. Syn kolleksjes bouwe foar in part fierder op dy fan master Bos en binne yn ferskate musea yn Fryslân, mar ek dêrbûten en yn Sweden eksposearre west. Ien fan dy kolleksjes hat no in moai en ferantwurd plak krigen .
Op foto: Iepeningshanneling Burgemeester Gebben en de heer Faber: twa lêste stiennen op eksposysjeplak lizze.