Bij de doorstart van de ouderenzorg van Zorggroep Pasana komen werknemers die langdurig ziek zijn of dat recent zijn geweest, niet meer aan de slag, schrijft de Leeuwarder Courant. Het gaat om twintig tot veertig werknemers, waarvan zeker zes of zeven ernstig ziek zijn. Een aantal van hen was net op de weg terug. De curatoren zeggen in de krant dat deze keuze ,,vanuit boedelbelang noodzakelijk was”.
De onvrede over deze gang van zaken is groot binnen de groep medewerkers. Eén van hen zette onderstaande tekst dinsdag op Facebook.
As lamkes nei de slachtbank
Moandeimiddei healwei 2 De Waadwente te Dokkum. In útnoeging fan kurator en UWV lei by de measten sneontemoarn yn de brievebus. It offisjeel ûntslach is rûn, de rjochter hat dermei ynstimd. Mear as 250 minsken fan ferpleech/fersoarchhûzen en it sikehûs by mekoar yn in eins te lytse seal. Gjin stuollen. De kurator mr. Sturms en in aardige man fan it UWV hâlde harren ferplichte praatsje. Ynformaasje jaan oan it wurkleaze personiel fan Pasana is hjoed de net maklike opjefte. Beide mannen kinne neat oan de situaasje dwaan as feroarje, it fallisemint is der en sy moatte it yn goeie banen liede.
Op de byienkomst blykt dat alle sike meiwurkers sawiesa ûntsloen binne. 2 froulje mei boarstkanker, ien krekt werom op de wurkflier, sy woe it wer probearje nei sa’n skoft slim siik west ha. De oare noch mei de sjaal om de holle, chemo en bestraling ha der foar soarge dat se gjin hier mear hat. In froutsje mei longkanker, in oar mei in kapotte wervel. In oar 6 wiken thús troch in núvere fal. Sa bin der in protte ferhalen. Nea siik, mar de lêtste tiid krekt thús sitten. It bin foar Pasana blykber oanliedings/gefallen west dizze minsken boppe oan de list te setten foar ûntslach. It wurdt troch de kurator befestige. Te tryst foar wurden. De Kristlike identiteit welke Pasana altyd sa heech yn it faandel hie is fier te sykjen, as better sein, is der net! De ûntsleine meiwurkers moatte noch wol 6 wiken trochwurkje, de ferplichte opsistermyn by in fallisemint. Oars op steande foet ûntslach en krigest neat.
De earste wurknimster mocht har melde by de liedingjouwende. Sy wie in oerke earder nei hûs gien. Se koe it nei de omstannichheden net mear bolwurkje en it wie rêstich op de wurkflier. In offisjele oantekening yn har dossier: Wurkwegering. As it wer barre soe lei se derút. In wurknimster seit búten de doarren, sy hat har baan foarearst noch, “Ik wie altyd grutsk om foar Pasana te wurkjen, yn de soarch te wurkjen, en no skamje ik my djip.” It personiel libbet mei mekoar mei, Ja, die binne it gewoan om te soarchjen foar in oar. En wer skittert de direksje en lieding troch ôfwêzigens.
Gjin blyk fan meilibjen as belutsenens by it personiel, in wurd, in gebaar, in bedankje foar de jierrenlange ynset. Foar it gefoel hie dat in wrâld fan ferskil makke, foar de situaasje net. De direksje, de rie fan bestjoer, de rie fan tafersjoch, de managers, allegear ha se jierren mar wat oanklungele, sitten te sliepen en mekoar de hân boppe de holle hâlden. Se moatte harren skamje oant de bonke! As lamkes is it personiel fan de wurkflier nei de slachtbank treaun. Mei ien grut ferskil. Sike bisten mei net slachte wurde, by Pasana sike meiwurkers wol. Ferskriklik!! De slachtpartij gjit noch troch, dit wie de earste ronde.