Oandacht foar it Frysk én de natuer yn Berneboekewike · Foto('s): gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel
  gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

Oandacht foar it Frysk én de natuer yn Berneboekewike

woensdag 05 oktober 2022

STYNSGEA/TYTSJERK – Op woansdei 5 oktober waard op twa basisskoallen tegearre mei de wethâlders Tjibbe Brinkman (Achtkarspelen) en Tytsy Willemsma (Tytsjerksteradiel) de Berneboekewike fan dit jier ôftrape. Brinkman wie op besite by groep 1/2 fan de Twa-ikker yn Stynsgea en Willemsma wie te gast by groep 1/2 fan OS de Romte yn Tytsjerk. Op beide skoallen waard troch de wethâlders foarlêzen en mei de bern neipraat oer it aventoer fan Pod en Koekoekje.

It moat der mar jong yn

Beide wethâlders binne mei it foarlêzen út it boek ‘Ik hâld fan Pod’ dwaande mei twa wichtige ûnderwerpen. “Jonge bern leare maklik. Troch harren al betiid kennismeitsje te litten mei it Frysk wol de gemeente it behâld en de ûntwikkeling fan de Fryske taal stimulearje”, neffens Tjibbe Brinkman. “It ferhaal fan de freonskip dy’t tusken Pod en Koekoekje ûntstiet is symboalysk foar hoe’t wy as minsken mei elkoar mar ek mei de natoer omgean moatte soenen. En dat kinst al fan jongs ôf oan leare”, follet Willemsma oan. Nei it foarlêzen gienen de bern nei it plein foar in ‘bûtenbingo’, organisearre troch Pingo&Pet (natuer-, miljeu- en duorsumheidsedukaasje foar it basisûnderwiis yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel).

Fryske boeken foar skoallen en pjutte-opfang

Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hawwe de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel budzjet beskikber steld foar it oanskaffen fan Fryske berne- en jeugdboeken. De pjutte- en berneopfang likegoed as it primêr en fuortset ûnderwiis koenen in Frysk boekepakket bestelle. Likernôch 45 skoallen en 30 lokaasjes foar pjutte- en berneopfang hawwe gebrûk makke fan dy mooglikheid.

Byskrift foto 1:

Wethâlder Tjibbe Brinkman lêst foar oan de bern fan groep 1/2 fan de Twa-ikker

Byskrift foto 2:

Wethâlder Tytsy Willemsma lêst foar oan de bern fan groep 1/2 fan OS de Romte

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.
Oandacht foar it Frysk én de natuer yn Berneboekewike · Foto('s): gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel
  gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?