DE WESTEREEN – Nei de diskusje yn in tal gemeenten oer de ‘boadskippen-affêre’ hawwe de riedsleden Ferry van der Ploeg (FNP) en Johan Wijbenga (Sociaal Links) de situaasje tsjin it ljocht hâlden yn degemeente Dantumadiel. Troch in yntsjinne moasje is de noarm foar jefte bystân ferhege nei € 1200,- yn it jier. Dit is in ferdûbeling fan it âlde bedrach.
De moasje is troch de Ried mei ienriedigens fan stimmen oannommen. Minsken dy’t gebrûk meitsje fan in bystânsútkearing moatte nammentlik al it ynkommen opjaan, ek de boadskippen fan famylje, freonen en buorlju dy’t se krije. Om diskusje foar te kommen en it betrouwen te jaan is it ferromjen winslik neffens de riedsleden. Beide binne der wis fan. “Wy moatte útgean fan it goede yn de minsk”. Nei in snelle ôfhanneling fan wethâlder Kempenaar is de moasje yntusken útfierd en krije de minsken wat mear romte yn de finansjes. De ferromming giet mei weromwurkjende krêft fan 1 jannewaris dit jier yn.