De FNP Dongeradiel hat op besite west by de Blommekweker Keegstra te Nes. In modern bedriuw dy’t bekend stiet om de kwaliteit fan syn produkten. Krekt de midden en lyts bedriuwen bin fan grut belang foar in libbendich plattelân. Yn Nes sit de Mts Keegstra, dizze blommekweker kweekt mar leafst 80 ienjierrige soarten elts jier.
Njonken geraniums en oare ien jierrige plantsjes wurde der goed 250.000 fioeltsjes kweekt. De World Servants bin ek tige warber mei de ferkeap fan fioeltsjes en de maatskip leveret mar wat graach 1 ste klas fioeltsjes foar goede doele aksjes. Yn de kassen wurdt in breed assortimint kweekt. Njonken ienjierrich plantguod wurde der ek spinazieplanten kweekt en dan giet it benammen om it sie fan de planten. Heit en soan Keegstra haw derby mar ien doel foar eagen; wy gean foar kwaliteit, Der stiet no in modern kassekompleks en nei de stoarm moasten der mar leafst mear as 900 nije ruten pleatst wurde.
Elts jier wurdt de grûn fan ien fan de 3 kassen stoomt op in djipte fan 30 40 sintimeter. Ungedierte kriget sa gjin kâns en op de suvere grûn wurde 1 ste klas produkten kweekt. Wy wolle ek net oars sa seit Keegstra Sr, wy gean foar goed plantguod. Op de feiling bin de produkten dan ek in begryp en ek mannich partikulier wit de partikuliere ferkeap mear en mear te finen en te wurdearjen.
No al stean de kassen fol mei fioeltsjes en mei in sinnige dei is it al ien en al blommesee. In aardichheid om te sjen en de ferlieding om de fioeltsjes no al bûtendoar te setten is grut. De FNP Dongeradiel is wiis mei bedriuwen yn doarp en op it plattelân. As tank foar de besite waard de Mts Keegstra in Fryske wimpel oanbean. As jo meikoarten in blomke hawwe moatte sil jo dan ek ekstra gastfrij ûnthelle wurde yn Nes. De wimpel wiist de wei!