Saterdei klokslach 9.00 oere iepene Willem Kooistra it moarnsbrochje (Dorpsontbijt) yn de nije seal fan doarpshûs De Trije Doarpen. Yn gearwurking mei Pleatslik Belang, De Swaen en De Trije Doarpen stie der foar de ynwenners in hearlik “ontbijt” klear.
De ôfrûne wiken binne frijwilligers man/froumachtich dwaande west om “Ien fan de moaiste sealen fan de omjouwing” klear te meitsjen foar gebrûk. Der wurdt al faak gebrûk makke fan de nije seal. Pietsje de Graaf (wethâlder fan de gemeente Noard-East Fryslân wie ek fan de partij en Kollumersweach krige de kompliminten.
De bydrage oan “Kleintje Feestweek” foel goed yn de smaak by de oanwêzige hynstestrûpers.