It bestjoer fan de FNP Achtkarspelen sil oan har leden Marten van der Veen op‘e nij foarstelle as listlûker foar de ferkiezings fan maart 2014. It bestjoer is ynnommen mei de wize wêrop’t van der Veen al 32 jier de karre lutsen hat by de FNP. De ynwenners fan ús gemeente kenne Marten as in warber persoan dy’t him altiten ynset foar de befolking. It is in man mei in soad bestjoerlike ûnderfining sawol gemeentlik as provinsjaal. Mei al syn ûnderfining is hy as gjin oar yn ’t sâlt bebiten. It bestjoer is tige ynnommen mei it feit dat de list gearstald wurde koe mei minsken út alle doarpen fan ús gemeente, dy’t ree binne har foar 100% yn te setten foar de FNP. Op Op 26 novimber 2013 sille de leden fan de FNP gear oer de kandidatelist en sil it program foarlein wurde. Dit sil wêze yn doarpshûs “De Jister” yn Twizelerheide.
Ofskied fan Atty Sietzema. Atty Sietzema hat witte litten dat sy nei 20 jier riedslidmaatskip in stap tebek docht en net mear beskikber is. Der binne net safolle dy’t it sa lang úthâlde. Atty hat ferskate saken yn portefeuille hân en by in soad stoarmen by de FNP oerein bleaun. It bestjoer sjocht hjir mei respekt op werom.