Marcel Smit nije Wâldsjonger foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel · Foto('s): Majella Geerdink
  Majella Geerdink

Marcel Smit nije Wâldsjonger foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

dinsdag 18 april 2023

BUITENPOST – De yn Burgum wenjende sjonger en lietskriuwer Marcel Smit (1977) is foar de kommende twa jier beneamd as ‘Wâldsjonger’ foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Foar Tytsjerksteradiel is it de earste Wâldsjonger fan de gemeente. Marcel Smit folget yn Achtkarspelen Arjan Hut op, dy ’t de ôfrûne jierren Wâlddichter fan de gemeente wie. Marcel Smit hat nocht oan dizze nije útdaging: ‘Ik fyn it in hiele eare om Wâldsjonger te wêzen. As echte Wâldpyk wol ik de kommende twa jier de Wâlden mei myn ferskes noch mear promoatsje.’ 

Wâldpyk-ambassadeur
Marcel Smit wie al op jonge leeftyd dwaande mei muzyk en brocht yn 2011 syn earste folslein (Wâld)Frysktalige album út. Yntusken steane der trije albums op syn namme en hat er as lietskriuwer in ferskaat oan ferskes skreaun foar oare artysten. Marcel stiet neist syn solo-optredens ek wol mei oaren op it poadium. Foar it teaterprogramma Frisicana bygelyks, dêrmei toert er no troch de provinsje mei Gurbe Douwstra en Piter Wilkens. Yntusken binne de lietsjes fan dizze Wâldpyk-ambassadeur ek net mear wei te tinken út de jierlikse Fryske Top 100. 

26 april earste optreden
Marcel Smit sil de kommende twa jier Frysktalige ferskes skriuwe en foardrage foar spesjale gelegenheden en eveneminten yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Syn earste optreden is by de lintsjesrein op 26 april yn Burgum en Bûtenpost. De Wâldsjonger sil elk jier maksimaal fjouwer lieten skriuwe en optredens fersoargje de gemeente.

Fryske taal behâlde en fuortsterkje
Sûnt 2009 hat Achtkarspelen in doarpsdichter, de Wâlddichter/Wâldsjonger Achtkarspelen. Foar Tytsjerksteradiel is it de earste kear dat se in doarpsdichter krije. De beide gemeenten wolle mei in doarpsdichter it kulturele en literêre libben stimulearje en de Fryske taal behâlde en fuortsterkje. Mei it beneamen fan ien Wâldsjonger foar beide gemeenten wurdt útfiering jûn oan de Kultuernota Ut de kûlizen.

Auteur: Redactie RTV NOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   nieuws@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2025 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?